Page 20 - letterhoeke 2015-1
P. 20
UTSTALLING SKIMER
troch Hilda Top
Fiif Fryske keunstners reizgen foarich jier, yn
opdracht fan Tresoar, trije wike troch Yslân.
Se bleaune op ôfhandige plakken, yn lytse
fiskersdoarpen en ‘cottages in the middle of
nowhere’ om dêr it fulkanyske ‘heitelân’ te
fangen yn byld en taal. Mei SKIMER sketse
Heleen Haijtema (byldmakker), Grytsje
Klijnstra (konsept/taal), Tryntsje Nauta
(byldzjend keunstner/fotograaf ), Grytsje
Schaaf (dichter) en José Witteveen (byldzjend
keunstner) it eilân yn harren eigen dissiplines.
Har wurk is oant 26 april te sjen yn Melk-
lokaal (Heremawei 20-1 op It Hearrenfean).
Melklokaal is in útstallingsromte foar
hjoeddeiske keunst op de grins fan keunstners
inisjatyf en galery en is fêstige yn it eardere
suvelfabryk ‘Jagtlust’, yn de romte dêr’t
doedestiids de molke ynbrocht waard. Sjoch op
www.melklokaal.nl foar mear ynformaasje.
Fan boppe nei ûnderen: Fisk fan Tryntsje Nauta, Vitrage fan Heleen
Haijtema, Sa is de See - Ik wie in Goede Fangst fan Grytsje Schaaf,
Bolungarvik fan Grytsje Klijnstra en Fiskerman fan José Witteveen.
20 | LETTERHOEKE 1 2015