Page 16 - letterhoeke 2015-1
P. 16
UTSTALLING
troch Wieke de Haan
It Museum
fan Binnenút
Fryske skriuwers en keunstners litte har ynspi- Tolve Fryske skriuwers en dichters wienen yn
rearje troch de kolleksje fan Natuurmuseum septimber ferline jier te gast yn Natuurmuseum
Fryslân. It resultaat is te sjen yn in útstalling én Fryslân. Elk wie keppele oan in keunstner,
in boek. Foar besikers en lêzers in prachtkâns leden fan de Nederlandse Kring van Tekenaars,
om in part fan de museumkolleksje troch de mei as doel dat dizze pearen inoar ynspirearje
eagen fan in skriuwer of in tekener te sjen. soene. Guon tekeners út dizze groep hiene
alris earder eksposearre yn it museum. Diskear
wie it idee om foarwerpen út it museum te
tekenjen, foaral om langer yn it museum te
ferbliuwen.
De dielnimmers krigen in rûnlieding troch de
kolleksjes en it ûndergrûnske depot mei
ferburgen skatten, dy’t it publyk oars net, of
net sa gau te sjen krijt. By de skatten binne
laadsjes fol mei preparearre protters, in
opstoppe lamke, of in grutte samling frjemde
skulpen of ferskate herbaria.
De skriuwers is frege om by in tekening in
gedicht of in ferhaal te skriuwen. Nei in
wikselwurking tusken de beide keunstfoar-
Keunstner Wilma Laarakker mei in laad fol balgen.
(Foto Date van Utteren). Se wie keppele oan Arjan Hut,
hy skreau it fers Emo by it wurk Explosie van licht 1 fan
Wilma Laarakker. (Foto Haye Bijlstra)
Tresoar wol Fryske skriuwers graach in nij
poadium biede; in nije wize om bygelyks
ynspirearjende gedichten of stikken tekst te
produsearjen yn gearwurking mei keunstners
út in oare dissipline. Foar dit projekt, dat diel
útmakke fan ‘Swalk, Frysk op toernee’, woe
Natuurmuseum Fryslân graach Fryske skriu-
wers ha en socht dêrom kontakt mei Tresoar.
Sa ûntstie in gearwurking tusken de museum-
kolleksje, tekeners en skriuwers.
16 | LETTERHOEKE 1 2015