Page 14 - Letterhoeke 2016-2
P. 14

LAN FAN TAAL
                                    troch Marijke de Boer

                Lân fan Taal is ien fan de gruttere projekten fan Kulturele Haadstêd 2018. Mei de komst
                fan in paviljoen oan it Aldehoustertsjerkhôf krijt it in eigen plak en dúdlik gesicht. It gebou,
                nei it winnende ûntwerp fan arsjitekteburo Powerhouse Company, wurdt boud op de
                grienstrook oan de râne fan it plein. It wurdt it fisitekaartsje fan en de tagong nei alle oare
                aktiviteiten fan Lân fan Taal.

Fisitekaartsje foar taal

‘It nije paviljoen hat taal as tema en alle talen    bale kommunikaasje en bygelyks gebaretaal.
binne wolkom. Fansels is Frysk de fiertaal, it       We binne yn Fryslân en hjir wurdt Frysk praat,
Frysk is wichtich foar ús yn Fryslân, mar it is ien  mar der binne noch folle mear talen. Allinne yn
fan de talen yn dizze wrâld, dy’t ommers mear-       Ljouwert al binne njoggentich talen. En ôfhinklik
talich is,’ fertelt Siart Smit (1973), programma-    fan de kontekst is in taal in minderheidstaal
direkteur fan Lân fan Taal. ‘Mei dit projekt wolle   of net, mar dêr lizze we net de klam op. Foar
we de klam lizze op taal yn it algemien. Dus net     in soad minsken is meartalichheid de deistige
allinne sprektaal of literêre taal, mar ek non-fer-  werklikheid. Elke taal is in memmetaal en elk hat
                                                     it rjocht op de taal dy’t er brûke wol. Dat litte we
                                                     sa tagonklik mooglik sjen.’

                                                     Yn it nij te bouwen paviljoen, dat 500 kante meter
                                                     beslaan sil, komt in Taalekspo. ‘We wolle taal
                                                     sjen en belibje litte yn de meast brede sin fan it
                                                     wurd. It wurdt gjin statysk oersjoch fan de skied-
                                                     nis fan it Frysk, mar mear in soarte fan teatrale
                                                     ûnderfining fan in healoerke.’ It paviljoen is de
                                                     sichtbere yntree fan Lân fan Taal dêr’t alle ynfor-
                                                     maasje te finen wêze sil oer de aktiviteiten fan
                                                     Lân fan Taal. It doel is dat yn 2018 alle dagen wat
                                                     te dwaan is, ferspraat oer de provinsje. Elkenien
                                                     dy’t wat oer taal witte wol, kin dêr telâne. ‘Besi-
                                                     kers dy’t dêrnei mear witte wolle oer bygelyks de
                                                     literatuer ferwize we troch nei Tresoar. Dat wurdt
                                                     ynrjochte as publykssintrum mei in eksposysje
                                                     oer de Fryske taal, letterkunde en kultuer. Der
                                                     komt in spektakulêre ynstallaasje yn de stúdzje­
                                                     seal dy’t dêr mear oer sjen lit. Ek komme der per-
                                                     soanlike rûnliedingen dy’t skatten út de argiven
                                                     sjen litte.’

                                                     Lân fan Taal hat in soad partners, ynstellingen
                                                     as de Afûk, de Fryske Akademy en it Histoarysk
                                                     Sintrum Ljouwert dogge mei. Elk krijt syn eigen

                                                     Siart Smit is programmadirekteur fan Lân fan Taal.

14 | LETTERHOEKE 2 2016
   9   10   11   12   13   14   15   16   17   18   19