Page 19 - Letterhoeke 2016-2
P. 19

BETINKINGSJIER

Dei fan de Fryske Letterkunde

                                                 Op 7 oktober wurdt yn Tresoar       Dêrnjonken wolle se in literêr
                                                                                     netwurk Fryske Letterkunde op­
                                                 foar de earste kear Dei fan de      rjochtsje en eksperts en belutse-
                                                                                     nen befreegje en mei har oerlizze
                                                 Fryske Letterkunde hâlden. Op       oer kennis en kommunikaasje yn
                                                                                     it fjild fan de Fryske Letterkunde.
                                                 dy dei is it op ’e kop ôf 350 jier  De Dei fan ’e Fryske Letterkunde
                                                                                     wol net allinnich in poadium wêze
                                                 lyn dat it testamint fan Gysbert    foar it fersprieden fan kennis oer
                                                                                     de Fryske literatuer en letterkun-
                                                 Japicx foarlêzen waard. Dizze       de, mar ek in gelegenheid om it
                                                                                     netwurk te ferstevigjen, sawol fan
                                                 dei is ien fan de aktiviteiten      kenners fan ’e Frysktalige letteren
                                                                                     as kenners fan Nederlânske of
                                                 yn it ramt fan it betinkingsjier    oarstalige letteren. Op dizze dei
                                                                                     is ek romte foar diskusje oer hoe’t
                                                 Gysbert Japicx.                     de kennis fan Fryske literatuer
                                                                                     ferbrede en grutter makke wurde
                                              De Dei fan de Fryske Letterkunde       kin. Yn de diskusje komt ek de
                                              is ta stân kommen troch in gear-       fraach oan de oarder oft yn 2018 in
                                              wurking fan de Fryske Akademy,         ynternasjonaal kongres organi-
                                              Tresoar, tydskrift De Moanne en de     searre wurde kin oer de ferhâlding
                                              Noardlike Hegeskoalle Ljouwert.        tusken de letterkunde/literatuer
                                              Dizze ynstellingen wolle ûnder­        fan minderheidstalen en mearder-
                                              sykje hoe’t se de kennis fan en        heidstalen.
                                              kommunikaasje oer it Frysk literê-
                                              re erfgoed útwreidzje kinne.           Oare aktiviteiten
                                                                                     Yn oktober/novimber is in rige
Programma                                                                            fan trije dokumintêres oer Gysbert
10.00 oere 	Ynrin en kofje                                                          Japicx te sjen op Omrop Fryslân
10.25 oere	Iepening troch dr. Hanno Brand, direkteur Fryske Akademy                 telefyzje. It betinkingsjier wurdt
10.30 oere	dr. Piet Gerbrandy: ‘Bouwjen, timmerjen, mirsseljen in                   op snein 27 novimber ôfsluten yn
                                                                                     de Martinitsjerke yn Boalsert mei
               op-rjuechten’: het vakmanschap van Gysbert Japicx                     in Gysbert Japicxprogramma
11.30 oere	dr. Alpita de Jong: Literatuur in kleine en grote talen: de wet          fan Camerata Trajectina, in
                                                                                     ensemble dat spesjalisearre is
               van de voorwaartse bûtensprong                                        yn âlde muzyk.
12.00 oere 	Abe de Vries: ‘In stekje oan los.’ Harmen Sytstra yn konflikt
                                                                                     Gysbert Japicx, skilderij út 1637 makke
               mei de ‘mienskip’                                                     troch Matthijs Harings. (Fries Museum,
12.30 oere	Lunsj                                                                    kolleksje Keninklik Frysk Genoatskip)
14.00 oere	Piter Boersma: (Friesche) Tjerne psychoanalytysk bedjippe
14.30 oere	Prof. Marc van Oostendorp: De lengte van Tsjêbbe Hettin-                                      LETTERHOEKE 2 2016 | 19

               ga’s versregels
15.00 oere	 Kofje/Tee
15.30 oere	Friduwih Riemersma: Wa’t skriuwt dy bliuwt. Jelle Brouwer

               en de politisearring fan de Fryske literatuer
16.00 oere	Prof. Henk van der Liet: ‘Frjemd en dochs eigen?’ Enkele

               overdenkingen bij de vertalingen uit het Scandinavisch taal-
               gebied van J.H. Brouwer en A.I. Brouwer-Prakke
16.30 oere	 Buorrel

De tagong is fergees, opjaan is wol nedich (baly@fryske-akademy.nl).
Sjoch op www.fryske-akademy.nl/letterkundedei foar mear ynformaasje.
   14   15   16   17   18   19   20   21   22   23   24