Page 13 - Letterhoeke 2016-2
P. 13

LAN FAN TAAL
                                                  troch Neeltje van der Weide

It winnende ûntwerp fan Powerhouse Company.

Sfearfol gebou
foar Taalekspo

Ut seis ûntwerpen foar it taalpaviljoen Lân       fysyk hert op it Aldehoustertsjerkhôf by Tre-
fan Taal yn Ljouwert is ein july it ûntwerp fan   soar en oare Fryske (taal)ynstituten. It paviljoen
Powerhouse Company keazen. It ûntwerp             wurdt in multymediaal taalbelibbingssintrum
fan it Rotterdamske arsjitekteburo spruts         oer de needsaak fan taal en de leafde foar taal.
de saakkundige sjuery ûnder lieding fan           Der komt in nijsgjirrich edukaasjeprogramma
ryksboumaster Floris Alkemade oan fanwege         foar taalbrûkers fan alle leeftiden. Meartaligens
it sfearfolle gebou dat op it Aldehoustertsjerk-  en de (Fryske) taaledukaasje foarmje dêr de
hôf past. It gebou is fan dizze tiid en strielet  kearn fan. It taalbelibbingssintrum wurdt yn
út dat der binnen echt wat te belibjen is.        2017 realisearre en sil in oanwinst foar de stêd
De ynstjoeringen moasten oan ferskate             wurde.
betingsten foldwaan. Sa moast it gebou
oan de bûtenkant in permaninte tribune              Yn Lân fan Taal wurkje Tresoar, Afûk,
hawwe, dêr’t besikers fan festivals sitte kinne.    Histoarysk Sintrum Ljouwert, Fryske Aka-
                                                    demy, Ryksuniversiteit Grins en Omrop
Lân fan Taal is ien fan de grutte projekten fan     Fryslân gear.
Kulturele Haadstêd 2018 mei meartaligens as
it oerkoepeljende en ferbinende tema. Lân fan                                                                    LETTERHOEKE 2 2016 | 13
Taal krijt mei de nij te bouwen Taalekspo in
   8   9   10   11   12   13   14   15   16   17   18